Wer in brân yn Drachten, papierkontener útbrând

29 okt 2019 - 07:02

Oan de Unia yn Drachten is yn de nacht fan moandei op tiisdei in papierkontener útbrând. Omwenners hearden om kertier foar trijen in hurde klap en giene op ûndersyk út.

Foto: ProNews

Se troffen de kontener oan dy't yn brân stie en warskôgen de helptsjinsten. De brânwacht hie it fjoer dêrnei rap út.

Meardere brannen

Yn septimber binne yn de wenwyk De Wiken meardere konteners yn brân stutsen. De dieder is nea pakt. De plysje ûndersiket oft der ek yn dit gefal sprake is fan brânstichting.

Trefwurden: 
Drachten brân kontener
(advertinsje)
(advertinsje)