It Amelân ta de bûse foar brânfeiligens wensoarchsintrum De Stelp

29 okt 2019 - 06:31

De gemeenteried fan It Amelân hat 330.000 euro útlutsen foar it oanpakken fan de brânfeiligens fan wensoarchsintrum De Stelp op it eilân.

Foto: Google Street View

It soarchsintrum foar âlderein foldie lang net oan de brânfeiligens. Dat waard jierrenlang troch de fingers sjoen, mar it kolleezje wol dat der no einliks wat oan dien wurdt.

Wethâlder Theo Faber frege de ried om 330.000 euro oan kredyt te ferlienen om de brânfeiligens te ferbetterjen. De ried is dêrmei akkoart gien.

In bewenner fan De Stelp fynt de ynvestearring mar "ûnsin"

Trefwurden: 
De Stelp soarch It Amelân
(advertinsje)
(advertinsje)