Komst F-35 soarget foar bliidskip en noed

It earste F-35 gefjochtsfleantúch dat yn Nederlân bliuwt, komt tongersdei oan op de fleanbasis fan Ljouwert. Foar Definsje en de Loftmacht is it in mylpeal, foar omwenners in grutte soarch. Want de soargen oer oerlêst binne noch lang net weinommen.
Komst F35 soarget foar bliidskip en noed
Kommandant Arnoud Stallman fan de Fleanbasis Ljouwert begrypt de eangst. Sels tinkt er dat it tafalle sil: "Ik baseer mij dan op de belevingsvluchten die we hadden in 2016. Daar was ik bij en er is onderzoek gedaan. De uitkomst was dat er niet veel verschil is."

Oant 20 desibel mear

Geert Verf fan Marsum hâldt him al skoften dwaande mei de komst fan de F-35 en de gefolgen foar de omjouwing. Hy sit út namme fan doarpsbelang Marsum al jierren yn de Kommisje Lûdshinder. "Dy belevingsvluchten hawwe by my in oar byld jûn. Benammen by de lâning makket it tastel mear leven. Oant wol 20 desibel mear."

De Peel weriepenje om mear lûdsromte te kreëarjen

Verf syn ferwachtingen binne dan ek leech: "Ik bin hiel benijd oft it allegearre noch kloppet. Dat it tastel mar krekt wat mear leven makket as de F-16. En benammen dan ek hoefolle oft der mei flein wurdt. De Loftmacht wol samar in âlde fleanbasis weriepenje." Verf hat it oer fleanfjild De Peel yn Noard-Brabân. Definsje wol dat weriepenje om sa lûdsromte te kreëarjen foar de F-35's.
© Omrop Fryslan
Kerosine is ek útstjit. En dat kin samar om't it Definsje is."
Omwenner Sietske Inberg
Oan de oare kant fan de fleanbasis, by de Vierhuisterweg hawwe de omwenners wer oare klachten. Sietske Inberg wennet dêr en hat njonken it lûd ek lêst fan kerosinedampen. "Jo rûke it no goed, in sterke geur. Benammen as de wyn út it westen komt hawwe wy der lêst fan." Sy fynt dat der ek goed sjoen wurde moat nei wat de útstjit is fan de fleanbasis: "De boeren moatte de feesteapel mei de helte ferminderje en hjir haw ik it idee dat der hieltyd mar mear flein wurdt. Dat is ek útstjit. En dat kin samar om't it Definsje is."
Stallmann bestriidt dat: "We hebben ons te houden aan de wet. We mogen maar een bepaalde hoeveelheid geluid produceren. Dat wordt goed gecontroleerd."
© Lockheed Martin

Mikrofoans mjitte it leven

Om te sjen hoe grut oft de lûdsbelesting wurdt, is ferline jier in lûdsmjitnet opset. Dat wie it gefolch fan de sterke lobby fan Geert Verf en Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum/Koarnjum. Op ferskate punten yn de omjouwing fan de basis stean mikrofoans.

"Lûdsisolaasje wenten kin better"

Op in webside kin besjoen wurde hokker tastel oft der fljocht en hoefolle leven oft it makket. Verf: "Dat is grutte winst. Want doe't we der yn 2013 achterkamen dat we de F-35 net keare koene, hawwe we besjoen wat we der dan maksimaal úthelje koene. Dit is ien fan de belangrike punten." Dochs binne Verf en Veldman noch net klear: "De lûdsisolaasje fan de wenten kin en moat better. Dêr hat de polityk him ek al oer útsprutsen. Dat soe al in soad skele kinne oan lûdshinder."

Twadde tastel komt oer twa wiken

It tastel dat tongersdei op de fleanbasis yn Ljouwert oankomt, sil dit jier net in soad fleane. It moat earst neisjoen wurde en pas dan kin der foar it earst mei flein wurde. It twadde tastel foar Ljouwert wurdt oer twa wiken ferwachte. Yn de maitiid fan takom jier wurde der dan wer nije F-35's ferwachte. Yn 2021 moat de Nederlânske loftmacht klear wêze foar útstjoering.
Nederlân is al sûnt 2002 belutsen by de ûntwikkeling fan de F-35. Mei in ynvestearring fan 800 miljoen euro kocht Nederlân in stim yn it ûntwerp en in belangrike rol fan de Nederlânske yndustry by de bou. Yn 2013 waard it earste Nederlânske tastel levere.
Sûnt dat jier wurdt yn de Feriene Steaten folop flein. Nederlân is ûnderdiel fan it testprogramma fan de F-35. Yn oparbeidzjen mei de Amerikanen en ûnder oare ek de Britten wurdt wurke oan ferbetteringen. Nei de earste offisjele oerdracht yn jannewaris binne stadichoan mear tastellen levere. Mei-inoar stean der acht Nederlânske tastellen op in basis flakby Phoenix. Dêr sit ek de oplieding foar de F-35-piloaten.
© -
De ûntwikkeling fan de F-35 giet net altyd maklik. Tal fan problemen moasten oplost wurde. Elts jier wer komt it Amerikaanske ministearje mei in lange list. Kritisy sprekke fan in miskeap. Ek om't beloften dy't de fabrikant docht, net fuortendaliks neikommen wurde. Der wurdt in soad praat oer it lûd fan it tastel. Ut testen docht bliken dat it tastel mear libben makket as de F-16 fan no.
Nei in moasje fan PvdA-Keamerlid Angelique Eijsink komme de twa Nederlânske tastellen yn 2016 nei Nederlân ta. Der wurde saneamde 'belevingsvluchten' hâlden. Om sa dúdlik te meitsjen hoefolle oerlêst oft der no echt is. It ûndersyk lit sjen dat der net in soad ferskil is mei de F-16 fan no. Foar de loftmacht is de komst in kantelpunt as it giet om de byldfoarming. Waard der earst benammen negatyf oer praat, no't minsken it tastel sjogge, feroarje de mieningen.
Ien fan de Nederlânske F-35's © Omrop Fryslan