Weidumer fanfare makket him op foar spesjale Buro de Vries-útstjoering Hanso Idzerda

28 okt 2019 - 23:00

It korps fan Weidum is drok dwaande mei it ynstudearjen fan trije nûmers dy't ek yn de allerearste radio-útstjoering fan de wrâld fan harren eardere doarpsgenoat Hanso Idzerda te hearren west hawwe. Dat docht it korp yn it ramt fan 100 jier radio.

Omrop Fryslân hat de muzikanten frege oan it projekt mei te dwaan. Oankommende snein spylje se de nûmers live yn de lokaasje-útstjoering fan Buro de Vries.

Yn in âld kranteberjocht waard de 'playlist' fan de earste radio-útstjoering fûn, wêrnei't it korps oan de slach gie. It wie noch wol efkes sykjen nei de goede arranzjeminten, want in soad nûmers wiene sa âld en net foar de blazers lykas dy yn it Weidumer korps skreaun.

Binnen in pear dagen alles leare

Diriginte Ria Fennema hie it der noch goed drok mei en no moat it hiele korps binnen in pear dagen de nûmers noch leare. Dochs hat Fennema der fertrouwen yn: "We zijn de lijst doorgegaan van die eerste uitzending en we hebben gekeken wat voor ons haalbaar was. Aanstaande zaterdag hebben we nog een extra repetitie en dan zijn we er helemaal klaar voor."

Fanfare Weidum - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wêrom Idzerdaleane?

Neffens foarsitter Janneke de Boer is it foar de Weidumers ek in moaie manier om Idzerda te betinken: "In hiel soad minsken yn Weidum ha gjin idee wêrom't de Idzerdaleane de Idzerdaleane hjit, of wêrom't dat gekke keunstwurk midden yn it doarp stiet. It is hiel leuk dat folle mear minsken dat ferhaal no kenne!"

Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie del by de repetysje

Woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it earste radioprogramma foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haag, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haag. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.

(advertinsje)
(advertinsje)