Boargemaster It Amelân tinkt nei om oanklacht yn te tsjinjen fanwege "vuilspuiterij"

28 okt 2019 - 22:55

Boargemaster Gerard van Klaveren fan It Amelân tinkt nei om in oanklacht yn te tsjinjen tsjin in ynwenner fan It Amelân dy't op in Facebook beweart dat Van Klaveren ûnder ien huodsje spilet mei projektûntwikkeler Kontoer.

Boargemaster Gerard van Klaveren (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân

Der soe neffens de âld-hoareka-ûndernimmer sprake wêze fan belangeferstringeling. Boargemaster Van Klaveren neamt dit "vuilspuiterij"en docht tiisdei earst melding fan de beskuldiging by kommissaris fan de kening Arno Brok.

De beskuldigingen komme nei oanlieding fan de diskusje oer it wol of net tastean fan de bou fan in wellnesssintrum op it eilân. Guon eilanners binne benaud dat it eilân yn hannen falt fan projektûntwikkelders. Dit is in plan fan ûnder oaren Harry Wester.

De riedsgearkomste fan moandeitejûn wie rûzich mei in folle tribune mei guon eilânbewenners dy't de Amelanner flagge op 'e kop op de rêch hiene.

Uteinlik is der net debatearre oer it wellnesssintrum. Riedslid Siard Bonthuis fan Amelân Eén rôp de ried op it ûnderwerp fan tafel te heljen, omdat der noch tefolle ûndúdlikens is oer wat de projektûntwikkelers wolle. In mearderheid fan de ried stipe de oprop. It punt gie fan de aginda.

(advertinsje)
(advertinsje)