Famke op fyts ferwûne by oanriding yn Ljouwert

28 okt 2019 - 22:19

In famke op 'e fyts is moandeitejûn ferwûne rekke doe't sy oanriden waard troch in auto yn Ljouwert. It ûngelok barde op de Jacob Binckesstrjitte yn de Fryske haadstêd.

Foto: ProNews, Nick den Boer

Neffens plysjes op it plak fan it ûngelok wie it famke sels al nei hûs ta rûn. De ambulânse-broeders hawwe har yn de wente ûndersocht en dêr die bliken dat sy mei moast nei it sikehûs. Har krekte ferwûningen binne net bekend. De automobilist kaam mei de skrik frij.. De auto hie skea oan de foarkant.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding botsing fyts
(advertinsje)
(advertinsje)