Aldereinsoarch Flylân behâlden, nij wenwykje op plak Uiterton

28 okt 2019 - 21:57

In nij wenwykje op Flylân ferfangt it ferâldere wensoarchsintrum Uiterton. De gemeenteried fan it eilân hat moandeitejûn unanym ynstimd mei it plan fan soarchoanbieder de Kwadrantgroep.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Yn de nije soarchfoarm komme sân plakken foar minsken dy't yntinsive soarch nedich hawwe. Dêr omhinne komme 36 seslsstannige wenningen foar minsken mei wat in lichtere soarchfraach en noch tweintich wenten foar senioaren dy't gjin soarch nedich hawwe. Yn totaal binne dat 43 wenplakken foar de Flylanner âlderein.

De wenningen wurde boud as yn in gewoane wenwyk. Der komme ek foarsjennings as in kapper, toskedokter en deibesteging. De namme fan it nije wykje is Boswijk.

(advertinsje)
(advertinsje)