FIDEO: Caroline de Groot yn It Polytburo: "Aksjefierende boeren ferfolgje"

De boeren dy't in pear wike lyn mei har trekkers it sintrum fan Ljouwert platleinen moatte juridysk ferfolge wurde. Dat fynt Caroline de Groot, riedslid yn Ljouwert foar de Partij voor de Dieren.
De klimaataktivisten dy't yn Amsterdam en De Haag it ferkear blokkearren, binne wol ferfolge. Dêr binne boetes útdield en guon hawwe yn de sel sitten. Dat de boeren frij-út gean, fynt De Groot, âld-offisier fan justysje, net rjochtfeardich. Dêr komt noch by dat klimaatdemonstranten yn Ljouwert, dy't harren aksje wol oankundige hienen, fanwege de boeren in oare rûte nimme moasten.
De Groot joech ta dat har partij yn de problemen sit. Foarsitter Sebastiaan Wolswinkel fan Aldeberkeap waard troch it bestjoer oan 'e kant set. Hy woe dat de partij iepener wurdt, en dat der ek mear ynbring komt fan regionale ôfdielings. Yn jannewaris sil de Partij voor de Dieren yn in kongres oer de saak prate. De Groot is ree om dêrop te wachtsjen.
De Partij voor de Dieren is lyts yn Fryslân: yn Provinsjale Steaten hawwe se ien sit, en datselde jildt foar de gemeenteried fan Ljouwert. Yn oare gemeenten yn Fryslân is de Partij voor de Dieren net fertsjintwurdige.