Oanfallende problemen by SC Cambuur foar bekerwedstriid

Issa Kallon mist tiisdei de bekerwedstriid fan SC Cambuur tsjin Goes. De oanfaller is blessearre en kin dêrtroch net yn aksje komme. Topskoarer Robert Mühren is noch in twivelgefal. Oer him wurdt tiisdei in beslút naam. Trainer Henk de Jong lit fierder foar in grut part syn team yn takt.
Henk de Jong © www.orangepictures.nl
Njonken Kallon en mooglik Mühren mist De Jong ek de al langer blessearre Sven Nieuwpoort, Erik Schouten en Giovanni Korte. Mooglik dat by Cambuur middenfjilder Jamie Jacobs noch rêst krijt. Hy wie koartlyn noch blessearre oan syn ljisk en mei him wol De Jong gjin risiko nimme.
Tsjinstanner Goes wûn yn de kwalifikaasjeronde fan Silvolde. De ploech út Seelân spilet twa nivo's ûnder Cambuur yn de tredde difyzje. "Mar we nimme dizze wedstriid hartstikke serieus", fertelt De Jong. "We moatte se net ûnderskatte. Dêr ha we fan 'e moarn goed mei dwaande west. Se hawwe snelheid en fysike krêft yn de ploech." Goes stiet fiiftjinde yn de tredde difyzje.
It wurdt in lange reis foar Cambuur, dat mear as 300 kilometer ôflizze moat om yn Goes te kommen. Dêrom giet de ploech tiisdeitemoarn al betiid fuort. Underweis rêste de spilers yn in hotel, foar't se it lêste stik ride. De bedoeling wie dat spilers en technyske stêf tiisdeitejûn yn it suden oernachtsje soene, mar trochdat de bousektor woansdei staakt, wol Cambuur net dan noch reizgje moatte.
SC Cambuur spilet tiisdeitejûn om 19.45 oere de bekerwedstriid tsjin Goes. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Geert van Tuinen makket de fiere reis nei Seelân en fersoarget it kommintaar.