'Wedstriid fan de Wike': reedriders hawwe earste wichtige toernoai

28 okt 2019 - 18:14

Nei trainingskampen yn Italië en Dútslân binne de measte reedriders no wer gewoan yn Nederlân. Hjir riede se harren ta op it oankommende wykein. Dan is it earste grutte toernoai fan it nije seizoen op Thialf op It Hearrenfean. Der binne tickets te fertsjinjen foar de wrâldbekerwedstriden. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

It toernoai begjint freed mei de 500 en 5000 meter foar manlju en de 1500 meter foar froulju. Sneon is de 500 en 3000 meter foar froulju en de 1500 meter foar manlju. It einiget snein mei de 1000 en 5000 meter foar froulju en de 1000 en 10000 meter foar manlju. Ek is der noch in massastart-wedstriid.

"De riders wolle harren pleatse foar de wichtichste wedstriden yn it earste part fan it seizoen. En dêrfoar moatte se dit wykein goed ride", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Nijsgjirrich is hoe't de nije oanwaaks, besteande út bygelyks Friezinnen Femke Kok en Michelle de Jong, it dogge. En oft Sven Kramer folút gean kin, nettsjinsteande syn knibbelblessuere. It wurdt in ynteressant wykein."

Foarútblik

Fansels is Omrop Fryslân der it hiele wykein by op Thialf. Dêrnjonken sjogge we dizze wike alle dagen foarút op it nije seizoen mei Fryske reedriders. Moandei stiet diel 1 mei Reina Anema online. Letter noch reportaazjes mei Femke Kok, Janine Smit, Letitia de Jong, Douwe de Vries, Sven Kramer en Antoinette en Michelle de Jong.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)