Kwekers dogge alle war om tomatefirus bûten de doar te hâlden

28 okt 2019 - 17:40

Fryske tomatekwekers meitsje har soargen oer it tomatefirus dat aktyf is yn Nederlân. By nochris fiif glêstúnboubedriuwen is it firus opdûkt, sa waard moandei bekend. Ek al is it firus op it stuit aktyf yn de regio Westland by Den Haag, dochs sette Fryske telers ek yn op skjinner wurkjen en wurdt de hygiëne ekstra goed kontrolearre. De NVWA hat in meldplicht ynsteld foar kwekers dy't it net fertrouwe.

Foto: pixabay.com

Wy dogge ús bêst om it firus bûten de doar te hâlden, seit tomatekweker Marco van Overbeek fan Bitgum. As der in fertinking is, moat dat trochjûn wurde oan de NVWA, folge troch in kontrôle. Yn it slimste gefal moat it hiele bedriuw romme en ûntsmet wurde. It firus is net skealik foar minsken, mar de tomaten binne wol ûnferkeapber en dat betsjut in grutte skeapost foar de kweker.

Sikehûzen

By guon bedriuwen yn it Westland binne de maatregels sa strang dat it wol sikehûzen lykje, neffens Van Overbeek. Yn Fryslân gean se dy kant ek út, sa ferwachtet er. Goede foarsoarch it needsaaklik, want der is noch net folle bekend oer it firus en dus ek net oer in eventuele bestriding.

Marco van Overbeek

Trefwurden: 
firus tomaten
(advertinsje)
(advertinsje)