Ek túnmanlju en partikulieren troffen troch PFAS-regels

28 okt 2019 - 17:20

De nije PFAS-regels treffe net allinnich de bousektor, mar ek túnmanlju en harren klanten. As der in te hege konsintraasje fan de giftige stoffegroep yn de grûn sit, mei dy grûn net ferpleatst wurde nei in plak dêr't it noch skjin is. En dat is in útdaging foar in soad bedriuwen, want dy stoffen sitte yn mear as 85 persint fan de grûn.

De grûn út in gemiddelde tún moat earst testen wurde op PFAS. Dat, en it ôffieren fan de grûn kin yn 'e tûzenen euro's rinne. Túnmanlju wolle partikulieren net opskypje mei hege kosten. En dus komme se yn de problemen.

"Het probleem zit hem in de regels", fertelt túnman Pieter van der Zee. "Bij deze mevrouw bijvoorbeeld moeten wij drainage aanleggen. Daarvoor moeten wij grond afgraven en afvoeren, maar dat mag niet zomaar. Er kunnen giftige stoffen in de grond zitten en voordat we het afvoeren moeten we het eerst laten testen. En dat is heel erg duur en er is te weinig capaciteit om de tests uit te voeren."

Partikulieren moat Van der Zee as gefolch fan de regels teloarstelle. Dy bliuwe sitten mei grûn dy't net fuort kin of tunen dy't net klearmakke wurde kinne.

Lanlike aksjedei

Undernimmers yn de bou en ynfrastruktuer hawwe kommende woansdei in lanlike aksjedei oankundige tsjin de PFAS-noarm.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by túnman Pieter van der Zee

De nije regels foar it ôffieren fan grûn jilde sûnt 1 oktober. As túnbedriuwen grûn ôffiere wolle, moat dy earst test wurde op de oanwêzichheid fan PFAS-stoffen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Trefwurden: 
regels PFAS túnman
(advertinsje)
(advertinsje)