FIDEO: Film Grutsk moat imago boerelibben opkrikke

28 okt 2019 - 17:10

De film Grutsk fan Rob Busquet giet op 7 novimber yn premjêre op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. De film giet oer grutske boeren dy't prate oer harren bedriuw en de takomst fan de feehâlderij. In aktueel ûnderwerp yn tiden dat in soad boeren it idee hawwe dat de polityk en de maatskippij harren net begrypt.

De film wol sjen litte wat boeren dogge en wat boeren driuwt. It boerelibben is bot yn feroaring. It lân feroaret, de regels feroarje, de techniken en ek it byld dat in soad minsken hawwe fan it boerelibben. Filmmakker Rob Busquet folge foar Grutsk seis boeren fan ferskillende bedriuwen. Sy fertelle wat it betsjut om boer te wêzen, hoe't se omgean mei de feroaringen en wat se sels wolle soene.

Filmmakker Rob Busquet - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Grutsk

(advertinsje)
(advertinsje)