Yn heger berop wer 7 jier sel foar gewelddiedige oerfal Nes

28 okt 2019 - 14:46

In 34-jierrige ynwenner fan Emmen is yn heger berop feroardiele ta sân jier sel foar de gewelddiedige oerfal yn juny 2016 op in doe 73-jierrige ynwenner fan Nes (Akkrum). De straf fan it gerjochtshôf is like heech as it fonnis fan de rjochtbank yn april ferline jier.

Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum), nei de oerfal - Foto: Gerwin de Vries

Krekt as by de rjochtbank hie it Iepenbier Ministearje acht jier sel easke foar de brute oerfal. Dêrby waard it slachtoffer mishannele en fêstbûn mei duct tape. It hôf befêstiget it ferhaal fan de rjochtbank. It IM woe in hegere straf, omdat der sprake west ha soe fan poging ta deaslach. Dêr giene de rjochtbank en it hôf net yn mei.

De man út Emmen waard feroardiele foar dieverij mei geweld. It IM beskôge de man as it brein efter de oerfal.

Noch mear fertochten

In 44-jierrige ynwenner fan it Belgyske Geel krige fjouwer moanne sel. Hy hat de bút ferfierd, tegearre mei in 29-jierrige man út Klazienaveen. De lêste krige in hegere straf as de eask fan it IM. Yn tsjinstelling ta it IM oardiele it hôf dat de man meiplichtich west hat oan de oerfal.

Hy hat yn werklikheid net oan de oerfal meidien - mei de Belch hat er op de oaren wachte - mar neffens it hôf wie er wol belutsen by de tariedingen. Hy waard no feroardiele ta in selstraf fan in jier. It IM hie fiif moanne easke.

Neffens de advokaat-generaal hat de man út Emmen de oerfal 'op tou set'. Oan de oare fertochten hie er ferteld dat it slachtoffer him goud skuldich wie. Hy hie de oaren 30 persint fan de bút tasein. Se namen by de oerfal trije tassen mei weardefol guod mei.

Fjirde fertochte

De saak tsjin in fjirde fertochte, in Serviër fan 42 jier, gong twa wike lyn net troch omdat de advokaat siik wie. De rjochtbank gong derfan út dat de Serviër yn de wenning west hat en geweld brûkt hat. Hy krige seis jier sel fan de rjochtbank.

It slachtoffer krijt goed 7300 euro skeafergoeding; 2500 euro dêrfan is smertejild.

Trefwurden: 
Nes oerfal Nes (Akkrum)
(advertinsje)
(advertinsje)