SC Hearrenfean leit jeugdynternasjonal Hajal langer fêst

28 okt 2019 - 14:08

Rami Hajal stiet langer ûnder kontrakt by Sportklup Hearrenfean. De fuotbalklup hat it kontrakt fan de Sweedske jeugdynternasjonal iepenbrutsen en mei twa jier ferlinge, oant de simmer fan 2023.

Rami Hajal yn in oefenwedstriid tsjin FC Volendam - Foto: www.orange-pictures.nl

De 18-jierrige Hajal kaam in jier lyn oer fan de Sweedske klup Falkenbergs FF. "Dit is een heel mooi moment voor mij en mijn familie", seit de middenfjilder op de webside fan SC Hearrenfean. "Het voelt goed dat sc Heerenveen in mij gelooft en dat ik mij hier de komende jaren verder kan ontwikkelen."

Hajal traint by de earste seleksje fan Hearrenfean, mar spilet syn wedstriden foar de Under 19 en de beloften. Hy dreamt fan in debút yn it earste alvetal. "Maar ik heb geduld en weet dat ik daar hard voor zal moeten werken."

Team foar de kommende jierren

Technysk manager Gerry Hamstra is der wiis mei dat Hajal langer fêstleit. "We zijn bezig om het team voor de komende jaren vorm te geven en Rami moet proberen om daar een belangrijke rol in te krijgen. We hebben er veel vertrouwen in dat hij hier de volgende stap kan gaan maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)