Jonge Grinzer nije organist Grutte- of Jakobinertsjerke fan Ljouwert

28 okt 2019 - 13:51

Fan 1 jannewaris ôf spilet der yn Ljouwert in nije organist yn de Grutte- of Jakobinertsjerke yn de binnestêd. It is in jonge Grinzer: Gerwin Hoekstra (1992). Hy folget Theo Jellema op as organist.

Gerwin Hoekstra - Foto: Ad Fahner

Hoekstra hat ûnder oare in master 'Historical Keyboards' folge oan it Oberlin Conservatory yn de Feriene Steaten. Syn bachelordiploma hat hy cum laude helle oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins. Syn earste oargelles krige hy al doe't hy noch mar acht jier âld wie, yn Eenrum.

De jonge organist wûn ferskate prizen, wêrûnder de earste priis op it konkoers Organi Storici del Basso Friuli.

(advertinsje)
(advertinsje)