Van der Pal sûnder Van der Weijden Foundation fierder: no op syk nei datum

28 okt 2019 - 13:07

Stefan van der Pal wol de Alvestêdetocht swimme, dêr hat hy de ôfrûne fiif dagen eltse dei acht oeren foar traind. Hy moat it lykwols wol sûnder de stipe fan de Maarten van der Weijden Foundation dwaan, om't it plan fan Van der Pal 'net mear past yn it projekt dat sy draaie wolle.' It barde yn goed oerlis, mar Van der Pal lit it der net by sitte: hy sjocht foarút. Mar hy moat wol rekken hâlde mei it SKS Skûtsjesilen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Freed wie der in gearkomste oer de tocht dy't Van der Pal swimme wol. It gie benammen oer de organisatoaryske en finansjele kant fan it ferhaal. Van der Pal krige krekt wat earder te hearren dat hy sûnder de Foundation fierder moat. Dat barde wol yn goed oerlis, mar it bliuwt dreech. "Je hoort voor het eerst dat de Foundation zich heeft teruggetrokken. Die wil wel helpen, maar ik pas niet meer in het project dat zij willen draaien. Dat is even lastig," jout de swimmer ta.

Foarút sjen

Hy wol der lykwols net te lang by stil stean. "We kijken meteen vooruit nu Maarten heeft gezegd: het past niet meer in de planning. We gaan niet zitten kniezen, we maken er wat moois van. Maar de mensen van de vergadering van vrijdag wisten dat nog niet, dus dat moet je even uitleggen en je kunt niet alles vertellen omdat Maarten zijn plannen graag zelf wil aangeven," seit Van der Pal.

De stichting Maarten van der Weijden Foundation wol wat oars. Van der Pal: "Zij hebben andere plannen en dat moet je respecteren. Ze hebben een fantastisch doel en dat is zoveel mogelijk geld proberen op te halen, daar pas ik op dit moment even niet bij in."

Stipe

Dochs is der wol in soad stipe fan minsken dy't ek Van der Weijden stipe jûn hawwe. "We hebben de sportarts die Maarten ook had. Zodra hij wist dat ik ga zwemmen zei hij: ik ga je helpen, dit is veel te mooi. We hadden al veel rond. Het begeleidingsteam voor tijdens het zwemmen is geregeld, we hebben de boten en Henk Jan Kok van de elektrische sloep die de begeleidingsboot verzorgde voor Maarten heeft zich ook aangeboden."

No moat der neitocht wurde oer bygelyks de finânsjes, mar dat docht hy net allegearre sels. "Het leven van mijn vrouw en mij staat al even op z'n kop. Daarom willen we ook niet alles zelf regelen en overal vanaf weten, om wat rust te bewaren. Dan heb je andere mensen nodig die je helpen," leit hy út.

Hokker datum?

Wat noch wol dreech is: in goede datum. Wannear moat de tocht swom wurde? "Er zijn zoveel mooie momenten. Het EK voetbal, het Skûtsjesilen, Sneekweek, Maarten z'n project, daar moet je ergens tussen passen. Want wij hebben het doel om zoveel mogelijk geld op te halen. We hadden een datum, maar sinds vandaag staat die op losse schroeven. We zaten iets te dicht op het Skûtsjesilen. We willen er een mooi en intiem Fries feest van maken, maar we hebben wel aandacht nodig", seit Van der Pal.

Lykas Van der Weijden wol ek de Ljouwerter Van der Pal jild ynsammelje foar de striid tsjin kanker.

Stefan van der Pal oer syn grutte swimprojekt

(advertinsje)
(advertinsje)