100 jier radio: pionier John Beenen op De Gordyk

28 okt 2019 - 12:49

Radio fan it merk F.R.I., de Friese Radio Industrie. Do hast der wierskynlik nea fan heard. It wie it merk dat John Beenen oan syn eigenmakke radio's joech. Dat wie yn de jierren 20. Pakesizzer Johan Beenen nimt ús dizze wike mei troch 100 jier radioskiednis. Oan de hân fan it rike argyf fan it famyljebedriuw Beenen op De Gordyk, dat yntusken rund wurdt troch de fjirde generaasje.

Johan Beenen mei ien fan de earste radio's - Foto: Omrop Fryslân

John Beenen set yn 1920 útein mei in saak op De Gordyk. Radio is in nij fenomeen dat oant dan ta allinne brûkt waard foar it ferstjoeren fan (serieuze) boadskippen. Mar troch de útstjoeringen fan ûnder oaren Hanso Idzerda feroaret dat. Radio wurdt fan dan ôf ek brûkt foar ferdivedaasje. John Beenen sjocht hjir wol wat yn en begjint mei it produsearjen fan syn eigen radio's, earst ûnder syn eigen namme, letter ûnder it merk F.R.I.

Bouskema fan de F.R.I radio fan John Beenen. - Foto: Omrop Fryslân

"Der komt in man, in Salverda, by him te wurkjen en dy hie ferstân fan radio, dy hat dy earste radio ûntwikkele". Johan Beenen lit in reklamefolder sjen út de jierren 20. Dêryn wurde ûntfangsttastellen oanbean en derby losse lûdsprekkers. "En dan liet hy by in meubelmakker yn Oerterp kastjes meitsje".

100 jier radio - diel 1: John Beenen wie radiopionier yn Fryslân. Pakesizzer Johan Beenen fertelt.

De famylje Beenen hat altyd in soad bewarre en sa is in ryk argyf ûntstien. Johan fynt dêr yn werom dat der yn 1922 in stik of fjouwer radio's op De Gordyk te finen wiene en dat dat oantal yn 1929 al omheech gien wie nei 60 stiks. Dat hie fansels ek te krijen mei it feit dat Beenen radio's makke. Dêr kaam in ein oan doe't der in lisinsje foar nedich wie. Dit waard foar lytse, lokale radioprodusinten te djoer en allinne de grutte merken bleaune oer.

Tiisdei yn diel 2 oer 100 jier radio-skiednis: distribúsjeradio en Radio Oranje.

Woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it earste radioprogramma foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haag, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haag. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.

(advertinsje)
(advertinsje)