Bou fan 20 nije wenten by Van Harinxmakanaal yn Dronryp set hast útein

Lang om let wurdt úteinset mei de bou en ferkeap fan tweintich wenten njonken it Van Harinxmakanaal by Dronryp. De kavels wurde oer fjouwer oant seis wiken yn oarder makke foar de bou. It gebiet hat in wen-, mar ek wurkbestimming.
© Akkerman Investgroup
Earder it jier joech de Ried fan Steat grien ljocht foar de útwreiding fan in bedriuweterrein tusken de Ryksstrjitwei en de Harnzer Trekfeart, nettsjinsteande protest fan omwenners.
De Ried fan Steat gie yn maaie mei de bou akkoart, mar hie wol as betingst dat der beammen en strûken plante wurde om sa in bytsje oan de beswieren fan omwenners yn 'e mjitte te kommen.