FNP hâldt foto-aksje as stipe foar opsletten Katalaanske lieders

De FNP hâldt kommende woansdei foar it provinsjehûs yn Ljouwert in foto-aksje as stipe foar de Katalaanske lieders dy't fêstsitte. It motto fan de aksje is 'Amnesty for the Catalan political prisoners', mei oare wurden 'amnesty' foar de Katalaanske politike finzenen.
Aksjes yn Barcelona foar frijlitting fan de Katalaanske lieders © ANP
Mei de aksje wol de FNP dúdlik meitsje dat se fine dat der in dialooch komme moat yn de diskusje tusken Kataloanië en Spanje. En dus net geweld of it achter de traaljes setten fan politike tsjinstanners.
Oanlieding foar de aksje is dat twa wiken lyn yn Spanje besletten is dat njoggen Katalaanske politisy elk tusken de 9 en 13 jier achter de traaljes gean. Twa jier lyn organisearren se in ûnôfhinklikheidsreferindum, om Kataloanië ôf te skieden fan Spanje. Dat waard net tastien troch it Spaanske regear.
It organisearjen fan in referindum en minsken stimme litte kin net in misdied wêze yn in goed funksjonearjende demokrasy.
Sybren Posthumus, FNP-Steatelid
"It mei net sa wêze dat it útoefenjen fan it demokratysk rjocht op selsbeskikking útrint op swiere finzenisstraffen", seit Sybren Posthumus, Steatelid foar de FNP.
"It organisearjen fan in referindum en minsken stimme litte kin net in misdied wêze yn in goed funksjonearjende demokrasy. Yn ynternasjonale ferdraggen fan de Feriene Naasjes is yn it earste artikel fêstlein dat alle folken sels beslute kinnen oer de eigen takomst."

Foto as solidariteit

Dêrom wol de FNP kommende woansdei krekt foar de Steategearkomste op de foto foar it provinsjehûs om solidariteit te betsjûgjen mei de Katalaanske kollega's. It wurdt dan in groepsfoto mei bygeande poster. De FNP nûget de oare Fryske Steateleden en meiwurkers ek út om mei op de foto te gean.