Ferskate oanhâldingen by Bierbosfeest yn Oentsjerk

De plysje hat ôfrûne sneon wiidweidich kontrolearre om it saneamde Bierbosfeest yn Oentsjerk hinne. Der binne ferskate oanhâldingen ferrjochte oan de Rengerswei yn it doarp, dêr't it feest yn in grutte tinte wie.
De Rengerswei yn Oentsjerk © Google Street View
Om kertier oer ienen hinne is der in 23-jierrige Jistrumer yn de feesttinte ferwûne rekke. De persoan moast troch in ambulânse oerbrocht wurde nei it MCL yn Ljouwert. De plysje seit net wat der krekt foarfallen is, mar freget tsjûgen om harren te melden.

Flaggedieven

Goed in oere letter hawwe twa persoenen út Bitgummole in flagge út in flaggemêst helle. Sy binne der útnaaid yn in taksy, mar de plysje koe de auto ynhelje en de flagge ynnimme. De ferantwurdlike sil de flagge werom bringe en der is in proses-ferbaal skreaun foar it barren.

Yllegale snorfytser

Om trije oere yn de nacht is der in snorfytser oanholden oan de Rengerswei. De 23-jierrige ynwenner fan Oentsjerk hie gjin rydbewiis en boppedat siet der in saneamde WOK-melding op de snorfyts. Dat hâldt yn dat it net oan de wetlike easken foldocht en dat de snorfyts op 'e nij kard wurde moat. De bestjoerder is dêrfoar bekeurd.