Noppert treft De Zwaan by debút op World Series Finals yn Amsterdam

28 okt 2019 - 10:05

Darter Danny Noppert fan De Jouwer treft by syn debút op de World Series Finals yn de earste ronde lângenoat Jeffrey de Zwaan. Dat telefyzjetoernoai set oankommende freed útein yn AFAS Live yn Amsterdam.

Foto: Orange Pictures

Noppert, dy't op dit stuit op it 33ste plak op de wrâldranglist stiet, krige fan de organisaasje in 'wildcard' foar de World Series Finals. Oan dat toernoai dogge acht wrâldtoppers fan de PDC mei, oanfolle troch ynternasjonale dielnimmers en in tal Nederlânske spilers. Dat is om't it toernoai dit jier foar it earst yn Amsterdam hâlden wurdt.

Wrâldtoppers

Freedtejûn wurkje sechstjin spilers de earste ronde ôf. Op sneon spylje de winners fan de earste partijen tsjin de bêste acht spilers fan de wrâld. Under har binne ûnder mear Michael van Gerwen, Rob Cross en Daryl Gurney.

(advertinsje)
(advertinsje)