Presidint rjochtbank Noard-Nederlân hâldt op fanwege ûnrêst

28 okt 2019 - 09:31

De presidint fan rjochtbank Noard-Nederlân, Maria van de Schepop, leit har funksje del. Se docht dat nei oerlis mei de foarsitter fan de Raad voor de Rechtspraak en oare bestjoersleden. Oanlieding is de ûnrêst oer de eangstkultuer by de rjochtbank.

"De onrust bij de rechtbank Noord-Nederland van de afgelopen periode heeft uiteindelijk geleid tot een vertrouwenskwestie. Dat schaadt het aanzien van de rechtbank", seit Van de Schepop. "Dat betreur ik en ik neem daarin mijn verantwoordelijkheid. Daarom treed ik terug als president van de rechtbank. Het is belangrijk dat het vertrouwen in de rechtbankorganisatie terugkeert en ik wil dat proces niet in de weg staan."

Tsjin de juridyske nijswebside Mr. sizze ferskate rjochters dat der sprake is fan autoritêr gedrach fan liedingjaanden, wêrtroch't meiwurkers gjin krityk doarre te jaan.

Albert Ploeger nimt taken oer

Albert Ploeger, no rjochterlik bestjoerslid by de rjochtbank, nimt de taken fan Van de Schepop oer. Hy is ek beneamd ta waarnimmend presidint. Hy rjochtet him de kommende tiid op it wurkjen oan it betrouwen.

Ploeger is ek foarstanner fan in ûndersyk nei de situaasje yn de rjochtbank Noard-Nederlân.

De rjochtbank Noard-Nederlân hat fêstigingen yn Ljouwert, Grins en Assen. Van de Schepop waard op 1 april 2017 beneamd ta presidint. Dêrfoar wurke se by de rjochtbanken yn Den Haag en Haarlem.

Maria van der Schepop - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer de ûnrêst by de rjochtbank

(advertinsje)
(advertinsje)