Hurdlearske bromfytser krijt proses-ferbaal by Tytsjerk en Ljouwert

28 okt 2019 - 08:41

De plysje hat snein midden yn de nacht in 27-jierrige Ljouwerter op in bromfyts oanholden oan de Ryksstrjitwei yn Tytsjerk. De bromfytser hie gjin rydbewiis by him. De plysje hat him in ferbaal oansein en moanne him om fierder te rinnen.

Foto: Pxhere

De Ljouwerter wie lykwols hurdlearsk en waard wat letter ûnder Ljouwert op 'e nij op syn bromfyts sjoen: en ditkear ek nochris sûnder helm. De bromfytsers hat in proses-ferbaal krigen foar it riden sûnder rydbwiis en helm.

Trefwurden: 
Ljouwert Tytsjerk bromfyts
(advertinsje)
(advertinsje)