Kollum: "Berneboeken"

28 okt 2019 - 08:23

"In berneboek skriuwe is gjin keunst, dat kin eltsenien wol. Sels Rafael van der Vaart draait syn hân der net foar om. It is noch mar 14 dagen lyn dat er de fuotbalskuon foargoed oan de wylgen hongen hat, mar fuort dêrnei krige er ynspiraasje en hat er de pinne opkrigen om yn in pear wike tiid in kant en klear boek ôf te leverjen. Ut eigen ûnderfining kin ik sizze dat dat bûtengewoan knap is.

Temawike 100 jier radio - Foto: Omrop Fryslân

Mindert Wijnstra fan Warns is skriuwer en ferhaleferteller. Ein jierren 90, begjin jierren 2000 wie hy kolumnist fan it radioprograma It wapen fan Fryslân.

No moast er ek wol hurd hurd, om't er mei in titel as 'Sint op de kermis' yn jannewaris net mear hoecht oan te kommen.

De útjouwer kin ek net al te kritysk wêze op de ynhâld. Dy is allang bliid mei de bekende namme en de publisiteit dy't dêrmei anneks is. Sa'n útjouwer ferkeapet beprinte papier. It is ommers mar foar bern.

Rafael van der Vaart is net de iennige âld-fuotballer dy't oer ûnferwachte talinten beskikt. Wesley Sneyder is him al foargien mei syn epos 'De strijd om de scoorsteen'. Oer dat lêste wurd mei in knypeach hat er grif langer neitocht as oer de namme Xess Xavia, mar dat is in oar ferhaal.

It skriuwen fan in berneboek liket wol in goarre te wurden, of, yn hjoeddeisk Frysk: in hype. Do kinst dysels hjoed-de-dei mei goed fatsoen gjin BN'er mear neame ast noch gjin berneboek op dyn namme stean hast.

De earsten dy't har der oan weagen wiene kabaretiers: Herman van Veen, Youp van 't Hek, Paul de Leeuw, Najib Amhali, Jochem Myjer. Wêrby't ik by de lêste opmerke moat, dat it wól kin fansels: in bekende namme hawwe en in goed berneboek skriuwe.

Mar al gau folgen de selsbeneamde celebrity's as Katja Schuurman, Albert Verlinde, Isa Hoes mei har dochter, Jan en Monique Smit, Filemon Wesselink mei hoe kin it ek oars: poep en pieshumor-, Jim Bakkum, Ivo Niehe, Johnnie de Mol,- ik doch mar in greep, der binne noch folle mear - om net te ferjitten ús nasjonale knuffelboerinne Yvon Jaspers mei har searje boekjes oer Ties en Trijntje. Miskien in idee foar it folgjende dieltsje: Ties en Trijntje en het stikstofmysterie.

En dan hawwe wy fansels ek noch ien út it sprookjesboek fan de Oranjes: prinses Laurentien. Dy krige by har earste berneboek in publisiteitskampanje dêr't oare debutanten net iens fan doare te dreamen. As se gewoan ûnder har famkesnamme Petra Brinkhorst skreaun hie, hie grif gjinien der op gappe, mar inkeld it feit dat se mei in prins troude, wie reden genôch foar al dy oandacht foar in boekje mei moralistyske ferhaaltsjes.

Ik sil net sizze dat it allegear ferkeard is, want mei in bekende namme kinst maklik opdrave yn allerhanne talkshows om oer dyn boek te praten en dêrmei ek oer it belang fan lêzen en foarlêzen. In boadskip dat yn dizze tiid net faak genôch útdroegen wurde kin. En miskien wolle minsken dat fan André Kuipers earder oannimme as fan de juf op skoalle.

Bern ynteressearret it gjin fluit wa't it boek skreaun hat, se sjogge inkeld nei de titel of nei de yllustraasje op it omkaft. Alden sjogge miskien wol nei de namme fan de skriuwer en dan is it hooplik krekt as mei it iten: jo wolle se graach it bêste ta ha en gjin pulp.

Under de Fryske berneboekskriuwers dûke noch gjin BF'ers op (Bekende Friezen) foar safier as ik it besjen kin. Oant no ta is it in rânestêdferskynsel bleaun. BF'ers binne de beskieden kant it neist, hoewol't harren fingers miskien jokje. Johannes Kramer soe bygelyks bêst skoare kinne mei 'Se komme der oan!' of ús Epke mei de titel 'De rek is der út' en wat te tinken fan Sieta van Keimpema, dy sit al klear om in grimmitich oarlochsboek te skriuwen: 'De slach om it Malyfjild' mei Jesse en Rob as de bad guys en Geert W. en Thierry B. as de grutte helden yn de striid.

Dreech kin it net wêze, in berneboek skriuwe, dêr is gjin keunst oan."

De Toan Fan Mindert Wijnstra

(advertinsje)
(advertinsje)