Sulver foar Fryske akrogymsters op EK yn Israel

28 okt 2019 - 08:15

Anna Koster fan Donkerboek en Robin Hooijenga fan Aldegea (Sm.) hawwe op it Europeesk Kampioenskip Akrogym yn Israel sulver bemachtige. Sy wiene as lêste fan de acht finalisten oan bar en krigen in goede skoare.

De winners - Foto: Martine Hooijenga-Le Duc

It giet om de finale yn de kategory damespearkes Junioaren 1. Anna en Robin lieten mei harren komby-oefening sjen dat sy in plak yn de finale oan koene, en harren wurk die fertuten op it EK. Ferline jier einigen de froulju op it WK yn Antwerpen noch krekt neist it poadium, op it fjirde plak. De 12-jierrige Anna en 17-jierrige Robin traine 17 oant 20 oeren yn de wike by de Acro Academy yn Marum, as kombinaasjeteam mei SV Donkerbroek.

Njonken Anna en Robin stie ek de groep fan Xiao Mei Harms, Inge Speerstra en Lisanne Hulder yn de finale, mar dan yn de jongste leeftiidskategory. Sy binne mei harren tempo-oefening sechde wurden.

It Europeesk Kampioenskip is fan 24 oktober oant en mei 3 novimber. Earst binne de Jongerein en Junioaren 1 oan bar mei de AEGC (European Age Group Competition) foar de jongere kategoryen. Fan 30 oktober ôf steane de Junioaren 2 en de Senioaren op de wedstriidflier.

Trefwurden: 
EK akrogym Israël
(Advertinsje)
(Advertinsje)