Frjemde rook yn hûs Marnezijlstraat yn Snits blykt rioellucht te wêzen

28 okt 2019 - 07:49

De brânwacht fan Snits is sneintejûn oproppen nei de Marnezijlstraat yn Snits. Dêr soe in frjemde lucht yn in wenning hingje, de bewenners fertrouwden it net. De brânwacht kaam der lykwols efter dat de rook wierskynlik út it rioel wei komt. Sy hawwe de bewenners advisearre it hûs goed te fentilearjen.

De Marnezijlstraat yn Snits - Foto: Google Street View
(advertinsje)
(advertinsje)