De Fûgelsang yn Berltsum bestiet 150 jier

28 okt 2019 - 07:13

Kristlike basisskoalle De Fûgelsang yn Berltsum bestiet 150 jier. Yn 1868 sette de skoalle útein mei 60 skoalbern, hjoed-de-dei binne dat der 185 bern. Dat tal learlingen is tsjin de ferwachtingen yn, want der wie eins krimp ferwachte. Reden genôch foar in grut feest, dêrom komt kommissaris fan de Kening Arno Brok op besite.

Kristlike basisskoalle De Fûgelsang yn Berltsum - Foto: Google Street View

"We voelen ons zeer vereerd," seit skoaldirekteur Jeanette Slagter. "Hij komt om twaalf uur en hij wilde graag een rondleiding door de school en een gesprek met leerkrachten. We vinden het ook belangrijk dat hij met leerlingen zelf praat. Er is een Friese les en muziek en bewegen vinden we ook erg belangrijk, dus dat willen we ook laten zien." De Fûgelsang is in trijetalige skoalle: "Hjoed is ús Fryske dei," seit Slagter, dy't sels eins gjin Frysk praat.

Gearwurking mei de iepenbiere skoalle

De kristlike basisskoalle sit mei de iepenbiere ûnder ien dak, mar neffens Slager jout dat gjin problemen. "Een schoolstrijd willen we absoluut niet. We zijn twee aparte scholen die goed functioneren. We doen dingen gezamenlijk: zoals Sinterklaas en de Koningsspelen, en afgelopen schooljaar hebben we samen de tijden veranderd. Dus we vinden elkaar wel op bepaalde plekken."

Tsjin de prognoaze yn

It tal learlingen fan de skoalle is dus bysûnder. "De prognoses waren dat we zouden krimpen, maar dat is niet gebeurd. Berlikum is een prachtig dorp om in te wonen, en er is nieuwbouw. Ook een actief dorpsbelang en verenigingen, ik denk dat dat allemaal met elkaar te maken heeft," jout Slagter oan.

Slagter hopet fansels dat it moaie tal learlingen trochset. "Het is afwachten, het ligt aan de nieuwbouw en de doorstroom. Maar we hebben niet te klagen. In 2013 is deze school gebouwd, op de krimp. Maar ons bestuur heeft op eigen kosten weer een lokaal laten bouwen, zodat we met acht groepen toch goed onderwijs kunnen bieden," seit Slagter.

Direkteur Jeanette Slagter fan basisskoalle De Fûgelsang

(advertinsje)
(advertinsje)