East-Fryslân ynspirearret de Afûk by aksje foar mear Frysk yn de supermerk

By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst 'Haal hier uw winkelwagen'. As it oan de Afûk leit wurdt dat meikoarten 'Pak hjir jo winkelwein', want de Afûk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden.
East-Fryslân ynspirearret de AFUK by aksje foar mear Frysk yn de supermerk
Undernimmers dy't hjir wol wat foar fiele kinne in berop dwaan op de Afûk foar oersettingen en logistike stipe, seit projektlieder Fokke Jagersma.
De Afûk wurdt by dizze aksje ynspirearre troch de Dútske supermerk EDEKA, want dy foarsjocht hieltyd mear winkels yn Ostfriesland fan twatalige opskriften yn it 'Ostfreesk,' njonken it Dútsk. EDEKA sette hjir in pear jier lyn mei útein yn it plak Grossefehn by Aurich.

Sukses

Dy earste 'Ostfreeske supermerk' waard sa'n sukses, dat ferline wike tongersdei al de tsiende winkel yn de nije twatalige formule iepen gie yn it plakje Pewsum. "De toeristen fine it hast noch moaier as de minsken út de streek", fertelt Arno Ulrichs fan de Fryske Rie yn East-Fryslân. De EDEKA kriget by dizze aksje taalkundige stipe fan de Ostfriesische Landschaft in Aurich.
Twatalich opskrift yn de EDEKA-supermerk fan Aurich © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It giet by EDEKA net allinnich om de opskriften. De klanten wurde wolkom hjitten mei de Eastfryske groet 'Moin' en kinne ek alle bestellingen yn de streektaal dwaan. Meiwurkers dy't de taal noch net kinne, meie yn wurktiid op Eastfryske les. Yn de winkel wurde alle produktgroepen úttsjutte yn it Eastfrysk en dat liket sa út en troch dochs wol aardich op ús Frysk. Sa hjitte 'Waschmittel' yn it Eastfrysk 'Waskmiddels' en hinget boppe it moanneferbân in buordsje mei de tekst 'Froolüüsaken'.
Ek oare praktyske meidielingen binne yn it foarste plak yn it Eastfrysk, lykas 'Disse Kass is för en körten Tied dicht'. By de formule heart ek ekstra omtinken foar produkten út de eigen streek.

'Haadkantoaren bûten Fryslân bepale'

De Afûk is fan doel om noch dit kalinderjier ien of mear Fryske supermerken te foarsjen fan Fryske opskriften. "It brûken fan de eigen taal kin in supermerk folle oantrekliker meitsje foar de klanten", seit Fokke Jagersma fan de Afûk . "It soarget foar mear bining foar de minsken út eigen doarp en streek, mar it makket de winkel ek nijsgjirriger foar toeristen."
Dat it Frysk oant no ta mar in bytsje yn supermerken brûkt wurdt komt neffens Jagersma benammen omdat it faak haadkantoaren bûten Fryslân binne dy't útmeitsje hoe't de winkels derút sjogge en alle beboerding oanleverje.
"Wy moatte hjir yn Fryslân sjen litte hoe't je ek mei taal en meartaligens omgean kinne", seit Jagersma. Mear Frysk yn it strjitbyld én mear Frysk by it bedriuwslibben binne spearpunten foar de taalbefoarderingsorganisaasje. Supermerken dy't hjiroan meidwaan wolle kinne har by de Afûk melde.
Fokke Jagersma fan de Afûk