Reewilligens om nei te tinken oer mear tsjuster nimt ta

28 okt 2019 - 06:27

De reewilligens om nei te tinken oer ljochtfersmoarging en mear tsjuster is tanommen, neidat der no fyftjin jier efter inoar in Nacht fan de Nacht organisearre is. Dat seit foarsitter Pieter de Haan fan de Friese Milieu Federatie, de ynstelling dy't it barren organisearret. Al kin it noch wol hieltyd better.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fyftjinde edysje fan de Nacht fan de Nacht wie fan sneon op snein. De provinsjale iepening wie yn Warten, mar yn totaal wiene der wol op 40 lokaasjes aktiviteiten. Troch it waar koene dy net oeral trochgean. Fryslân is de meast tsjustere provinsje dy't der is en dat is yn fyftjin jier net feroare. Dochs kin der wol mear barre. Sa is De Haan it petear oangien mei de provinsje oer de ferljochting fan brêgen dêr't winterdeis eins gjin skippen mear del komme. Him is tasein dat dêr nei sjoen wurde sil. En dat is net it iennige.

Gasstasjon by Aldeboarn-Akkrum

"Lêst trof ik ien fan de Gasunie. Dy behearre it gasstasjon tusken Aldeboarn en Akkrum. Dat baarnt al jierren yn in see fan ljocht. Kin dat net wat minder, frege ik. Letter krige ik berjocht dat sy dat ek dogge en der komt fan 't maitiid in hiel oar plan komt foar de ferljochting fan dat gasstasjon."

Ferslachjouwer Remco de Vries oer it Fryske tsjuster

(advertinsje)
(advertinsje)