Fries produsearret fjirde part mear hússmoargens as trochsneed Nederlanner

28 okt 2019 - 07:01

Wylst de trochsneed Nederlanner yn it jier 494 kilo oan hússmoargens produsearret, komt de trochsneed Fries út op 614 kilo. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, dy't moandei útkommen binne. Benammen de Waadeilannen drage by oan it gemiddelde. Der wenje net folle minsken, mar troch alle toeristen rint it gemiddelde oantal kilo hússmoargens de ynwenner aardich omheech.

Foto: Kilo's húshâldôffal yn 2018

It ôffal op de eilannen komt dus net allegearre troch ynwenners fan Fryslân. Tagelyk is der gjin Fryske gemeente dy't ûnder it lanlik trochsneed sit. De Fryske gemeente dêr't ynwenners de minste oantal kilo's hússmoargens produsearje, is Ljouwert.

Op Skiermûntseach waard ferline jier 1.233 kilo húshâldôffal de ynwenner ophelle, op Flylân wie dat mar leafst 1.310 kilo. Sûnder dizze twa útsjitters is Achtkarspelen de meast produktive gemeente fan Fryslân mei 756 kilo de persoan.

Ynwenners yn stedske gebieten hawwe faak gjin tún, wêrtroch't se ek hast gjin GFT-ôffal ha. Dêrtroch leit it trochsneed tal kilo's hússmoargens de ynwenner yn stêden, dus ek yn Ljouwert, faak leger. Dochs wurdt ek yn Ljouwert noch altyd 45 kilo húshâldôffal de ynwenner mear fuortsmiten as troch de trochsneed Nederlanner.

De sifers dy't it CBS moandei útbringt gean oer 2018. Dêrom steane der gemeenten yn de list dy't op dit stuit net mear bestean, lykas Ferwerderadiel. Oer Amelân binne de gegevens net beskikber.

Offalbedriuw Omrin lit yn in reaksje witte dat sy yn Fryslân oan 'neiskieding' dogge. In part fan it ôffal dat yn ús provinsje ophelle wurdt, wurdt noch fierder skieden, wêrby't grûnstoffen dy't opnij brûkt wurde kinne, frijkomme. Sifers oer wat dy 'neiskieding' opleveret nimt it CBS net mei yn de sifers dy't moandei publisearre binne. It CBS fergeliket allinne it ôffal dat de ynwenners produsearje.

(advertinsje)
(advertinsje)