Wim Stroetinga, mei Yoeri Havik, op poadium yn seisdaachse fan Londen

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is, tegearre mei syn maat Yoeri Havik, as tredde einige by de Zesdaagse van Londen. De winst yn Ingelân gie nei de Italianen Simone Consonni en Elia Viviani. Ferline jier wiene Stroetinga en Havik noch kampioen yn Londen.
© Orange Pictures
By it yngean fan de lêste dei stiene Stroetinga en Havik fjirde. Nei freed stiene beide Nederlanners noch twadde yn de seisdaachse, mar troch in minne dei op sneon sakken se in pear plakjes yn it klassemint.
Snein wie de lêste dei fan it evenemint yn Londen. Viviani en Consonni einigen mei 498 punten. Mark Cavendish en Owain Doull pakten sulver mei 486 punten. Stroetinga en Havik wiene mei 470 punten tredde.