Gosse van der Meer wint fjildrit yn Ingelân

Fjildrider Gosse van der Meer hat yn Ingelân de fjildrit yn Irvine wûn. De crosser fan Surhuzum wie yn de tredde wedstriid fan de National Trophy Series de rapste, foar Ian Field en Toby Barnes.
© www.orange-pictures.nl
It is foar Van der Meer syn earste oerwinning fan it seizoen. Yn in eardere wedstriid fan de National Trophy Series, yn Milnthorpe, wie hy twadde. Yn it algemien klassemint stiet hy no ek twadde mei 106 punten. De nûmer twa fan snein, Ian Field, is de lieder mei 122 punten.