Brânwacht pleatst skermen om skip dat wetter makket yn Ljouwert

27 okt 2019 - 17:31

De brânwacht fan Grou pleatst sneintemiddei skermen om in frachtskip, dat oan de Lorentzkade yn Ljouwert leit. It skip makket wetter. Troch in pomp yn te setten, wit de skipper op dit stuit te foarkommen dat it skip yn gruttere problemen rekket.

It frachtskip oan de Lorentzkade yn Ljouwert - Foto: CAMJO media/Jaring Rispens

Omdat by it pompen wetter mei oalje yn it oerflaktewetter spielt, wurde de skermen pleatst. Dy moatte foarkomme dat de oalje him fierder ferspraat.

It giet om in skip dat grint ferfiert. Op dit stuit is fierdere ynset fan de brânwacht net nedich, dy hâldt de situaasje wol yn 'e gaten.

(advertinsje)
(advertinsje)