Eurootsje derby: protest tsjin heger ponttaryf De Grietman by De Feanhoop

27 okt 2019 - 16:47

Undernimmers en omwenners út de omkriten fan Grou binne lilk op de gemeente Smellingerlân. De gemeente wol nammentlik it taryf fan fearpont De Grietman by De Feanhoop ferheegje, fan 1,50 nei 2,50 de oersetting.

Foto: Anke Zijlstra

De gemeente wol mei de taryfferheging sa'n 35.000 euro yn it jier fertsjinje. Neffens tsjinstanners fan it plan rekkenet de gemeente har ûnterjochte ryk. Boppedat binne se benaud dat tûzenen fytsers troch de taryfferheging de pont nei Drachten net mear nimme sille. In soad lytse ûndernimmers en musea sille hjir de dupe fan wêze, sa skriuwe se.

Tiisdeitejûn sille meardere minsken yn petear mei de gemeenteried fan Smellingerlân oer de kwestje.

Trefwurden: 
Grou pont De Grietman
(advertinsje)
(advertinsje)