Johnny Jansen: "Helaas werd het een hotse-knotse-begoniawedstrijd"

27 okt 2019 - 16:21

SC Hearrenfean spile sneintemiddei mei 1-1 lyk tsjin FC Groningen. In wie in edysje fan de noardlike derby dêr't net in soad barde. Beide ploegen krigen in penalty fan skiedsrjochter Lindhout, en dat soarge úteinlik foar de einstân.

Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin net tefreden oer de prestaasje fan syn ploech. "Het stadion was goed gevuld, dan wil je het publiek meekrijgen. Helaas werd het een hotse-knotse-begoniawedstrijd. Daar was ik niet tevreden over."

'Ik maak me drukker om mijn eigen elftal'

Fideoskiedsrjochter Joey Kooij spile in haadrol yn it duel. Danny Buijs, trainer fan FC Groningen, liet nei it duel witte hielendal 'schijtziek' fan de VAR te wêzen. Janssen woe dêr net ien meigean. "De VAR is er en daar moeten we mee dealen. Wij maken hands, zij maken hands, dat zijn 2 penalty's en that's it. Ik maak me veel drukker om mijn eigen elftal, dat is veel belangrijker."

Ek ferdigener Sven Botman woe net te djip yngean op de rol fan de VAR. "De ene keer fluiten ze in je voordeel, de andere keer in je nadeel. Het hoort inmiddels bij het voetbal. Ik baal er wel van dat het soms zo lang duurt, dan sta je drie minuten niks te doen en te wachten."

Botman wie nei ôfrin fan de wedstriid net bllid mei it punt nei it lykspul. "We hebben vandaag niet laten zien wat we kunnen. Het gelijkspel was wel terecht, maar het is niet het resultaat waar we vooraf voor gingen."

(advertinsje)
(advertinsje)