SC Hearrenfean spilet lyk yn noardlike derby tsjin FC Groningen

SC Hearrenfean spile snein yn de noardlike derby mei 1-1 lyk tsjin FC Groningen. Beide goals kamen út in penalty, nei beide kearen in handsbal.
© www.orange-pictues.nl
Beide ploegen hienen likefolle balbesit, mar echt oantreklik spul wie it net. Der waard sloardich spile, oan beide kanten. Hearrenfean wie yn it begjin driigjend, mei in lytse kâns foar Odgaard. Nei 12 minuten waard de wedstriid stillein nei't ballen op it fjild smiten waarden
De earste helte wie saai te neamen, mei duels benammen op it middenfjild. Twa kear gie in skot fan Hearrenfean njonken de goal. Hrustic skeat op doel, mar dy koe keeper Hahn oertikje. Yn de 40ste minút kaam in skot fan Van Bergen op it Grinzer doel, syn skot gie krekt neist.
Nei sawat in earste helte fan 'afbraakvoetbal' waard it fier yn de blessueretiid noch spannend. Hearrenfean krige in penalty yn de 45ste minút. Skiedsrjochter Lindhout joech dy nei it weromsjen fan de bylden fanwege hands fan Zeefuik. Hicham Faik skopte de bal binnen. Oer de penalty wie wat diskusje, oft der no wol net sprake fan hands wie. Flak dêrnei skeat Veerman hast in frije traap achter Padt.
Mei de 1-0 foarsprong bruts Hearrenfean foar rêst de wedstriid iepen.

Spanning

Flak nei de tee helle El Hankouri út, mar rekke de latte en kaam Hearrenfean der goed foarwei. Veerman hie gau dêrnei in kâns, mar pleatste de bal krekt neist de ferkearde kant fan de peal.
De skiedsrjochter joech yn de 72ste minút in strafskop foar Grins, nei hands fan Floranus. Spits Benschop skeat de bal yn de krusing en makke sa de lykmakker.
Yn de einfaze spile Hearrenfean noch aardich en krige Botman in goede kâns op de 2-1, mar de ferdigener krige de bal net achter Grinzer doelman Padt. De twadde helte brocht wol wat mear spanning. Yn de seis minuten blessueretiid gienen de Friezen noch op syk nei de winnende treffer. Dat slagge lykwols net.

Protest

Lykas altyd libbet de noardlike derby krekt wat mear as oare wedstriden. Der wienen protesten en de wedstriid waard nei 12 minuten stillein nei't út it besikersfak wei sa'n 50 oant 70 ballen fan ferskillend formaat it fjild opsmiten waarden.
SC Hearrenfean - FC Groningen: 1-1 (1-0) 45. Hicham Faik 1-0, 73. Charlie Benschop 1-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Faik, Ejuke (81/Bruijn), Odgaard (78 Halilovic), Van Bergen, Dresevic, Van Rhijn, Botman, Veerman (89/Dreyer), Kongolo.