HEA! Mei de sinne mei yn Terwispel

27 okt 2019 - 13:30

De hiele dei de sinne op de ruten, as dy skynt fansels. Dat kin mei it hûs fan Henk Pijlman fan Terwispel. It piramidefoarmige hûs draait stadichoan mei de sinne mei troch in konstruksje op tsjillen. Henk wie earder wynmûnebouwer, en dy saakkundigens kaam him hjirby goed fan pas.

(advertinsje)
(advertinsje)