Spandoeken en ballen op it fjild by noardlike fuotbalderby

27 okt 2019 - 12:44

Lykas altyd libbet de noardlike derby tusken SC Hearrenfean en FC Groningen krekt wat mear as oare wedstriden. Sfearaksjes wienen der dizze sneintemiddei net, nei't tal fan supporters in stadionferbod krigen hie. Mar protesten dêrtsjin wienen der wol.

Foto: Twitter Roelof de Vries

Yn it útfak wiene spandoeken mei in middelfinger te sjen en by in tribune wie in grut readwyt lint spand mei de tekst: 'niet betreden gemeente Heerenveen, niet betreden politie.'

Ballen op it fjild

Nei 12 minuten waard de wedstriid stillein nei't út it besikersfak wei sa'n 50 oant 70 ballen fan ferskillend formaat it fjild opsmiten waarden. Oer de reling kaam in tekst te hingjen mei: 'SCH: problemen creëren om supporters te weren. Ballen tonen'. En ek ien mei: 'Pro eigen vervoer'.

Trije man skoden mei in soarte fan snieskower de ballen fan it fjild. Nei sa'n fiif minuten koe wer fierder spile wurde.

Foto: www.orange-pictues.nl
(advertinsje)
(advertinsje)