Omrop TIP: Radio bestiet 100 jier; rom omtinken yn spesjale temawike

27 okt 2019 - 12:00

Dit jier is it hûndert jier lyn dat de alderearste Nederlânske publike radio-útstjoering wie. Dy waard op 6 novimber 1919 makke troch Hanso Henricus Schotanus a Steringa Idzerda, berne yn Weidum. Omrop Fryslân stiet hjir de kommende wike mei in temawike wiidweidich by stil, foaral op radio fansels. It draait om 'de magy fan radio'.

Foto: Omrop Fryslân

De radio is net mear fuort te tinken út ús kollektyf ûnthâld. En dat wylst it medium eins noch mar 100 jier lyn 'útfûn' is. Wa hat net lûdop lake by de 'Dik Voormekaar Show' of wa waard net wekker mei de 'Ochtendgymnastiek' fan Ab Goubitz?

Ek de Fryske radio is fan elkenien. Yn alle boerefamyljes moast elkenien stil wêze ûnder it waarberjocht fan Hans de Jong. En yn de sniewinter fan 1979 wie Radio Fryslân efkes it sintrum fan de provinsje. Fansels hearre we dizze wike alles oer de skiednis fan de radio en bringe we ús bekende radiotunes wer foar it ljocht.

Temawike mei 'âlde bekenden'

  • Kollumnisten

Kollumnisten fan eartiids, Mindert Wynstra, Anne Feddema, Eelke Lok, Douwe Kootstra en Johan Veenstra, komme foar ien kear werom, yn it moarnsprogramma Fryslân fan 'e moarn.

  • Reportaazjes

Oer 100 jier radio is alle dagen tusken de middei yn No yn Fryslân in reportaazje te hearren, oer bygelyks it radiomerk F.R.I. (Friese Radio Industrie).

  • Radiokwis 12 36 18

We spylje noch in kear de legindaryske radiokwis 12 36 18, wêrby't harkers ynbelje meie om te rieden hokker Bekende Fries te gast is. Dat is yn it programma Weistra op wei.

  • Casa Ennema

Yn Casa Ennema is alle jûnen in nûmer te hearren fan in kantinekonsert, út it argyf fan Radio 18.

  • Buro de Vries

Yn Buro de Vries slute we de wike op 3 novimber ôf mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan radiopionier Idzerda. De Harmonie fan it doarp lit spesjaal foar de gelegenheid trije nûmers út de alderearste radio-útstjoering live hearre.

Radio op telefyzje

  • HEA!

Twa échte radio-leafhawwers binne te sjen by HEA! Jan Bosma hat wolris syn libben op it spul set foar syn radio-samling en Anne Tol hat syn hûs sa fol apparatuer stean foar syn geheime stjoerder, dat in frou der net mear by past. Op 1 novimber binne dizze portretten te sjen.

  • Fryslân DOK

De dokumintêre giet oer 100 jier radio en is te sjen op 3 novimber.

De temawike 100 jier radio is fan 28 oktober o/m 3 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)