Brânwacht hellet yn Ljouwert meterslang isolaasjemateriaal út hege beam

Yn Ljouwert hat de brânwacht sneintemoarn in stik isolaasjemateriaal út in beam helle. Dat wie fan in gevel fan in flat oan de Kei waaid.
© Kappers Media
It meters lange stik glêswol hong yn in hege beam. In flatbewenner seach it hingjen en belle de brânwacht. Dy kaam mei in heechwurker om it derút te heljen.
It isolaasjemateriaal wie op de gevel oanbrocht, mar noch net ôfdutsen.