Berber Vonk ferwûne by maratonreedriden: "Het bloed gutste eruit"

27 okt 2019 - 09:25

Reedrydster Berber Vonk fan Appelskea is sneontejûn ferwûne rekke by de maratonwedstriid yn Den Haag. Se rûn in snijwûne op en in djippe sneed yn de biseps, dy is oant trijekwart ynsnien. Se is fuortendaliks mei sukses operearre.

Foto: Berber Vonk

By de twadde Marathon Cup fan it seizoen yn Den Haag, dy't wûn waard troch Lollobrigida en Hoolwerf, wie Vonk belutsen by in ûngelok.

Sa'n fjouwer riders foelen en namen Vonk mei. "Zelf weet ik daar vrij weinig van. Het enige dat ik weet, is dat ik iets heb voelen snijden in mijn arm. Toen ik eenmaal rechtop zat, dacht ik dat mijn pak in eerste instantie kapot was, omdat wij oranje in het pak hebben zitten. Dat was niet het geval. Dat bleek dus al mijn onderhuids bindweefsel te zijn en toen gutste het bloed eruit en wist ik dat het foute boel was. Gelukkig was ik gelijk in goede handen door de artsen."

Vonk is dêrnei oerbrocht nei it sikehûs yn Den Haag en fuort operearre. "De operatie is top verlopen. Het is mooi bijgewerkt. De biceps is gehecht en de wond zelf ook. De biceps is tot drie kwart ingesneden."

Oer it folslein weromkrijen fan de funksje yn har earm is noch neat dúdlik. "Maar Rome is ook niet in 1 dag gebouwd." Vonk is alwer thús yn Appelskea.

Foto: Martin de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)