Boekekast #5: Wurk fan Elske Schotanus

27 okt 2019 - 09:00

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze fiifde Boekekast in fragmint út Wurk fan Elske Schotanus. Paul van Dijk lêst it foar.

As op in dei twivele wurdt oan de kapasiteiten fan Jasper, beslút er fan it iene op it oare momint syn wurk by marketingadvysburo Inbound farwol te sizzen. Bliid dat er syn autoritêre baas Jacob Dyk noait wer hoecht te sjen, kin Jasper no dwaan wat er as bern it leafst die: tekenje en skilderje. Hy lit in skoft neat fan him hearre en libbet as in 'vagebond' yn in fûgelhutte.

As er him thús dochs wer sjen lit, kriget er it leksum fan Marianne, syn freondinne, dêr't er mear en mear fan los fan rekket. Hieltyd mear besteget Jasper de tiid oan it skilderjen. Sa lûkt er de oandacht fan galeryhâlder Jitze Lageveen. Al gau komt Jasper derachter dat de keunstwrâld yn wêzen net sa folle oars is as de benearjende wrâld fan Inbound...

Elske Schotanus

Elske Schotanus is skriuwster en keunstneres. As skriuwster publisearret se yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Neist de proaza en romans dy't de skreaun hat, makke Schotanus ek in biografy op fan keunstner en skriuwer Pier Feddema en skriuwt se stikken foar tydskrift De Moanne. De roman Wurk waard nominearre foar de Gysbert Jabicxpriis 2019. Op dit stuit wurket Schotanus oan in berneboek.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)