Wrâld- en Europeesk kampioene Suzanne Schulting: "Er zijn nog zat uitdagingen"

27 okt 2019 - 09:27

Tink dy ris yn: bist 22 jier, mar hast al in wrâldtitel én in Europeeske titel behelle. Wat falt der dan noch te winnen? No, genôch as we Suzanne Schulting leauwe meie. We sjogge dizze wike foarút op it nije shorttrackseizoen mei de Fryske riders en yn it sânde en lêste diel: Suzanne Schulting.

Sêd fan de prizen is Schulting perfoarst noch net. Sterker noch: se wol minimaal itselde prestearje as ferline seizoen. "Ik wil gewoon mijn titels verdedigen. Dat is heel lastig, maar dat is wel het doel." En de konkurrinsje kin it boarst wiet meitsje, want de foartekens by Schulting binne goed: "Ik ben sterker geworden. In het krachthonk, op de fiets en op het ijs. Dat zie je terug in mijn rondetijden. Die zijn veel constanter, vlakker en ik rijd ze makkelijker. Dat is gewoon heel erg mooi."

Dat Schulting ek no alwer yn goede foarm is, liet se sjen by trainingswedstriden yn Kolomna yn Ruslân en yn it Sineeske Shanghai. Dêr helle se ek alwer meardere medaljes. "Ik heb twee wedstrijdjes gereden. Dus ik weet wat ik nu kan en hoe ik ervoor sta. Maar het echte meetmoment met de toppers is pas bij de eerste wereldbeker. Tuurlijk ben je daar nieuwsgierig naar. Maar wel nieuwsgierig met heel veel zelfvertrouwen, want ik weet dat ik goed ben."

Hat Schulting ek noch spesifike doelen dit seizoen? "Vorig seizoen op het EK kreeg ik een penalty op de 1000 meter, dus dan wil je graag op het EK die pakken. Op het WK wil ik natuurlijk weer de 1000 meter pakken. En ik wil kijken of ik kan meedoen om de titels op de 1500 meter, want daar had ik penalty op. Er zijn nog zat uitdagingen."

Foto: Orange Pictures

Trainingskamp

De shorttrackers binne op it stuit op trainingskamp yn it Kanadeeske Calgary. Dêrnei reizgje se troch nei Salt Lake City, dêr't kommend wykein de earste wrâldbekerwedstriid is. No dus noch yn Calgary. "Het is heerlijk trainen daar. Je kunt je alleen maar focussen op trainen en niet met andere dingen bezig zijn. Dat vind ik heel erg leuk. En het is ook top om daar te zitten om echt in topvorm te komen."

  • Namme: Suzanne Schulting
  • Bertedatum: 25-09-1997
  • Berteplak: Grins
  • Wenplak: It Hearrenfean
  • Hichtepunt: Waard it ôfrune seizoen sawol wrâldkampioen as Europeesk kampioen
  • Twitter: @suzanschulting
  • Instagram: @suzanneschulting
(advertinsje)
(advertinsje)