UNIS Flyers winne fan Devils Nijmegen nei overtime

26 okt 2019 - 22:28

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn foar de twadde kear yn twa dagen wûn fan de Devils Nijmegen. Op it eigen iis fan Thialf wiene de Feansters yn in spannende wedstriid nei overtime mei 3-2 te sterk. Freedtejûn wiene de Feansters mei 5-2 te sterk foar de Nijmegenaren.

Foto: UNIS Flyers

De taskôgers krigen in spannende wedstriid te sjen, mar hiene wol geduld nedich foardat de skoare iepene waard. Yn de earste twa perioades krigen beide ploegen de puck net yn de goal. Yn de tredde perioade wie it wol gau raak. De betûfte Fin Juha Kiilholma sette de Flyers op in 1-0 foarsprong.

Dy foarsprong wie gau wer ferdwûn. Nei 48 minuten spyljen makke Jeffrey Melissant de lykmakker foar de Nijmegenaren. Mei noch tsien minuten op de klok wiene it de Flyers dy't wer op foarsprong kamen troch in goal fan de Kanadees Trevor Petersen. Mar wer kaam Devils Nijmegen werom. Mei noch fiif minuten te gean makke Levi Houkes de 2-2 en gie de wedstriid yn overtime.

Njoggende winst op rige

Yn de overtime pakten de Flyers harren njoggende oerwinning op rige yn de bekerkompetysje. Petersen wie mei syn twadde goal fan de jûn ferantwurdlik foar de 3-2 einstân.

Flyers al wis fan heale finale

De Flyers sitte yn de bekerpûl mei fiif oare ploegen. Alle ploegen spylje twa kear tsjininoar. Nei tsien wedstriden gean de bêste fjouwer ploegen troch nei de heale finales. De Flyers steane oan kop yn de bekerpûl en binne al wis fan dy heale finales.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers beker
(advertinsje)
(advertinsje)