Donar rint oer Aris hinne yn de derby fan it Noarden

26 okt 2019 - 21:54

De noardlike basketbalderby is in proai wurden foar Donar út Grins. Yn it Kealledykje yn Ljouwert kaam Aris der net oan te pas. De Ljouwerters ferlearen mei 70-103.

Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

Yn it earste kwart seagen de Ljouwerters fuort al tsjin in efterstân oan. Mei 16-27 wiene it de besikers út Grins dy't de toan setten foar de jûn. It waard dêrnei allinnich mar slimmer foar Aris, want spiler Tim Hoeve moast blessearre it fjild ferlitte.

By de rêst wie de stân 35-55 yn it foardiel fan Donar, dy't dêrnei har foarsprong allinnich mar fierder útwreide: 46-81 nei it tredde kwart. Ek yn it fjirde kwart wie der neat mear oan te dwaan foar Aris. Mei 70-103 waard de wedstriid ôfsluten.

Aris Ljouwert stiet op dit stuit ûnderoan yn de kompetysje, wylst Donar op in tredde plak stiet, efter Leiden en Den Bosch.

Trefwurden: 
Donar Aris basketbal derby
(advertinsje)
(advertinsje)