Fryske gearwurking tusken basketbalklups moat spul nei heger nivo bringe

26 okt 2019 - 21:21

Baketbalklup Aris út Ljouwert giet in gearwurking oan mei WE HERE Fryslân. It is de bedoeling dat de basketbalsport mei dizze gearwurking better op de kaart set wurdt yn Fryslân.

Foto: orangepictures.nl

WE HERE Fryslân rjochtet him benammen op it basketbalspul wêrby't mei trije spilers tsjin trije spile wurdt. Neffens de organisaasje is dizze wize fan spyljen, in leechdrompelige manier om yn de kunde te kommen mei basketbal. Aris Ljouwert is benammen bekend as de klup dêr't profesjoneel basketbal spile wurdt mei it tradisjonele fiif tsjin fiif spul.

Fryske basketbalferienings kinne har oanslute by de gearwurking. Hjirby wurde partnerships oanbean foar de ferieningen. Underdiel fan dizze partnerships binne clinics, it organisearjen fan aktiviteiten en it dielen fan kunde.

(advertinsje)
(advertinsje)