Pizzabesoarger bedarret op 'e kop yn 'e sleat

26 okt 2019 - 20:32

Yn De Westereen is sneontejûn in pizzabesoarger op de kop yn in sleat bedarre.

Foto: De Vries Media

Yn earste ynstânsje hiene de helptsjinsten muoite om de auto fan de besoarger te finen, om't der in melding fanút sawol De Westereen as de Triemen binnenkaam wie. Uteinlik koe de brânwacht de auto en de bestjoerder berikke. Hy lei mei syn auto yn in djippe sleat njonken de dyk.

It is net dúdlik hoe't it mei de besoarger is. Der is in ambulânse oanwêzich om earste help te ferlienen. De dyk is ôfsluten foar it oare ferkear.

(advertinsje)
(advertinsje)