Brassband Pro Rege kampioen earste difyzje op it NK

Brassband Pro Rege fan It Hearrenfean is sneon kampioen wurden yn de earste difyzje by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.
© Pro Rege
De brassbands yn de earste difyzje moasten it ferplichte wurk Alpina Brass fan Jan van der Roost spylje. De brassband fan dirigent Anne van den Berg behelle dêrmei 93 punten, en dat is in punt mear as de nûmer twa, Brassband Excelsior út Zalk.
Ek de solistepriis foar beste es kornet gie nei Pro Rege.
Yn de twadde difyzje wie der in twadde plak foar brassband Looft den Heer út Bitgummole mei 94 punten. Brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster waard mei 93 punten yn dy difyzje tredde. Yn de twadde difyzje moast in wurk fan Jan de Haan spile wurde.