Gjin sfearaksje Nieuw Noord by derby Hearrenfean en Grins

26 okt 2019 - 19:47

Der komme gjin sfearaksjes fan Nieuw Noord by de derby tusken Sportklup Hearrenfean en FC Groningen. Dat makket de supportersferiening Nieuw Noord bekend op har webside. Reden is dat in soad frijwilligers in tydlik stadionferbod krigen hawwe.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Neffens Nieuw Noord is it net mooglik om sûnder dizze minsken in goeie sfearaksje op tou te setten. De stadionferboden wiene oplein om't de fans de ferplichte rydrûte net folgen, yn de útwedstriid tsjin VVV Venlo.

Neffens Nieuw Noord hat der gjin strafber feit plakfûn, en binne der gjin bewizen yn de saak. "Hiermee wordt naar onze mening een grote groep fanatieke en trouwe supporters door de burgemeester, politie en gemeente Heerenveen bewust en zonder voldoende juridische onderbouwing buitengesloten", skriuwe se op har webside.

Supportersferiening FeanFan sil op de súdtribune yn it Abe Lenstra Stadion wol in sfearaksje hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)